Fryske shorttrackers begjinne goed oan WK yn Rotterdam

10 mrt 2017 - 15:57

Sjinkie Knegt is it WK shorttrack yn Rotterdam goed begûn. Hy helle op de 500 de kwartfinale en op de 1500 meter de heale finale, dy binne sneon. Ek Daan Breeuwsma is troch op de 1500 meter, op de 500 rêde hy dat net. Suzanne Schulting en Rianne de Vries binne ek troch nei de heale finales op de 1500 meter.

De tredde Nederlânske shorttracker Dylan Hoogerwerf kaam net troch de kwalifikaasjes fan de 1500, mar op de 500 meter wol. En de tredde frou Yara van Kerkhof is útskeakele foar de 1500 meter.

It WK giet freedtejûn om 18.20 oere fierder mei de searjes fan de 500 meter foar de froulju en de 1000 meter foar de manlju.

(Advertinsje)
(Advertinsje)