''No mocht ik oan de râne rinne, en dêr lei it aai!''

10 mrt 2017 - 14:44

''It wie yn itselde stik lân as trije jier lyn'', sa fertelt Herman Mooi fan Wolvegea. Hy fûn freedtemoarn it earste ljipaai fan Fryslân by Slikenboarch, yn de gemeente Weststellingwerf. Herman wie tegearre mei syn broer Geert oan it aaisykjen, doe't er it ljipaai lizzen seach. ''No mocht ik oan de râne fan it fjild rinne, en dêr lei it!''

''Moai earlik ferdield''

Yn 2014 hie broer Geert Mooi de primeur. Hy fûn it aai doe ek by Slikenboarch, oan de Lindedyk. No wienen de bruorren wer tegearre oan it aaisykjen. ''It is sa no moai earlik ferdield'', seit Herman. ''Wy hienen ôfsprutsen dat ik no oan de râne fan it fjild rinne mocht. Trije jier lyn rûn myn broer dêr. Hie Geert dêr no wer rûn, dan hie hy it aai wêr fûn.

Om 15.00 oere wurdt Herman troch de kommissaris fan de Kening, Arno Brok, huldige yn it fjild.

(Advertinsje)
(Advertinsje)