Wurkstraf en boete yn dongsilo-saak

De eigener fan it skjinmakbedriuw dy't ferantwurdlik holden wurdt foar it deadlik ûngelok yn in dongsilo yn Makkingea, is freed troch de rjochtbank yn Zwolle feroardiele ta in wurkstraf fan 240 oeren en in selstraf ûnder betingst fan ien jier. Ek krijt er in boete fan 100.000 euro. Dit is gelyk oan de eask.
De man wurdt ferwiten dat er de risiko's fan it skjinmeitsjen fan de dongsilo net goed ynskat hat en dêrmei oaren yn gefaar brocht hat. Sa wie der gjin needproseduere.
By it ûngelok op 19 juny 2013 kamen trije minsken om it libben, de soan fan de eigener fan de dongsilo en twa wurknimmers fan it skjinmakbedriuw. De trije wiene yn de dongsilo oan it skjinmeitsjen, mar rekken út de tiid troch de oanwêzige gassen. Doe't de helptsjinsten oankamen, wie it al te let. De trije deadlike slachtoffers wiene 26, 29, 42 jier en kamen fan De Jouwer en Nijlân.
Boer Lemmens bliid mei útspraak
Feehâlder Lemmens, op wa syn hiem it ûngelok plakfûn en de heit fan ien fan de trije slachtoffers, wie ek yn de rjochtseal oanwêzich. Hy is tefreden oer de útspraak. Neffens him is goed ferwurde wat der dy dei bard is. Hy fynt wol dat de regels op it mêd fan feiligens net goed genôch binne. Der moat neffens him by elke dongsilo in needplan klearlizze.