Herman Mooi fynt earste ljipaai by Slikenboarch
Herman Mooi fan Wolvegea hat freedtemoarn it earste ljipaai fan Fryslân fûn. It aai waard fûn yn de greide by Slikenboarch. De finer wurdt freedtemiddei om 15.00 oere huldige troch kommissaris fan de Kening Arno Brok en sil dan ek de Sulveren Ljip ûntfange. Ferline jier waard it earste ljipaai fûn troch de 25-jierrige Armanda Stuiver, yn de greide tusken It Hearrenfean en Sint-Jânsgea. De doedestiidske kommissaris, John Jorritsma, kaam de greide yn om de finer de Sulveren Ljip út te rikken.
Yn 2014 waard it earste ljipaai fan dat jier ek fûn by Slikenboarch. Doe waard it aai fûn troch Geert Mooi fan Nijetrine. It Bûn fan Fryske Fûgelwachten, it BFVW, hie foar dit jier gjin ûntheffing oanfrege foar it aaisykjen. Aaien meie dêrom net meinommen wurde en de klam leit op neisoarch. De seremoanjes foar it finen fan de earste ljipaaien fan provinsje en gemeenten binne beskieden.