Megarestauraasje oan Rust Roest is slagge

10 mrt 2017 - 13:56

Yn Muntsjesyl is freedtemoarn in megaklus ta in goed ein brocht. De mûne Rust Roest moast nije stielen roeden foar de wjukken ha en dy binne grut en swier. Dêrom kaam der in baas kraan oan te pas om ien en oar foar elkoar te krijen.

De klus makket diel út fan in folle gruttere restauraasje fan de mûne. Dy hat foar it lêst yn 1999 goed ûnderhâld hân en dêr wie er wol wer oan ta. Sa koe der gjin weet mear meald wurde. Dat kin no wol wer.

Ek as der gjin wyn is, want dit is in mûne mei in motor. Dy is ek restaurearre. Oft de mûne aanst ek echt mealle sil, is noch mar de fraach. Der is no noch gjin keaper foar it moal.

Trefwurden: 
mûne Rust Roest Muntsjesyl
(Advertinsje)
(Advertinsje)