Cees Juffermans: "Sjinkie is een ambassadeur voor de sport"

Ald-shorttracker Cees Juffermans is tige te sprekken oer de Nederlânske shorttrackers. "Ze doen het fantastisch goed, daardoor is shorttrack booming", seit Juffermans, dy't ek toernoaidirekteur is by it WK shorttrack yn Rotterdam. Dat is freed úteinset yn Ahoy. Ien fan de publyksfavoriten is fansels Sjinkie Knegt. Fan him wurdt dit wykein in soad ferwachte. "Sjinkie is een ambassadeur voor de sport", fertelt Juffermans.
De ferwachting is dat der goed 25.000 man ôfkomme sille op it evenemint, dat oant en mei snein duorret.
Juffermans: "Dat is gaaf, helemaal als je ziet waar wij vandaan komen. In 2011 was het EK in Heerenveen, daar kwamen een paar honderd man. We hebben vanaf 2011 zulke stappen gemaakt. Het is echt een droom om hier in Ahoy het WK te organiseren."
Der komme in soad Friezen yn aksje op it WK. By de manlju dogge Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma mei oan de yndividuele ôfstannen en by de ôflossing krije se selskip fan Itzhak de Laat en Dennis Visser. Suzanne Schulting en Rianne de Vries ride by de froulju sawol de yndividuele ôfstannen as de ôflossing.