"It hat sa no en dan mear fan The Voice as fan polityk"

It ôftellen is no echt begûn foar de politike partijen yn Nederlân. De lêste sprint is ynset. Noch fiif dagen en dan kin Nederlân lang om let nei de stimbus. Mar út ûndersyk docht bliken dat in grut part fan de kiezers der sa koart foar de ferkiezingen noch hieltyd net út is. Op de freedsmerk binne hast alle kleuren fan de politike reinbôge wol te finen. De kampanje fan dit jier soarget foar in soad diskusje by de besikers fan de merk.
''Mear fan The Voice''
Sa fynt de ien de toan fan Henk Krol der fier by troch: "Ik vind dat ze elkaar veel te veel afkatten, en dat vind ik niet nodig. Als je duidelijk maakt wat je wil, dan hoef je een ander niet af te katten. En dat vind ik heel erg op het moment, dus dat vind ik niet leuk." Wylst de oar krekt dêrom foar de foarman fan 50Plus kieze sil: "De man gie tekear, dy gie út syn dak op telefyzje. Dat meiske kwam niet eens aan bod. Dat wie gewoan geweldich!" De show dy't der tsjinwurdich fan de kampanje makke wurdt, kin by guon ek net op wurdearring rekkenje: "It hat sa no en dan mear fan The Voice as fan polityk."
Strategysk stimme
Alexander Pechtold en Jesse Klaver wurde op de freedsmerk neamd as politisy dy't harren better gedrage yn de kampanje. "Jesse Klaver maakt een goeie kans. Die jongen krijgt heel veel steun van de jongeren, en hij jut ze ook op om te stemmen. Ik ga niet op hem stemmen, maar ik vind wel dat hij het goed doet." De minsken dy't der noch net út binne, sizze dat ze harren yn de kommende dagen noch ynlêze sille, en miskien wol in strategyske stim oerwege, om derfoar te soargjen dat de VVD of PVV net de grutste wurdt.