Bou trampolinepark It Hearrenfean is fertrage

De bou fan it Jump XL trampolinepark op It Hearrenfean hat swiere fertraging oprûn. De iepening fan it park soe ein maart wêze, mar no sil de earste peal fan it gebou pas op 20 april de grûn yn slein wurde. De fertraging komt ûnder oare troch gemeentlike prosedueres en it oanlûken fan de boumerk. Dêrtroch hat alles mear tiid koste as ferwachte.
Eigener Marco Kramer fan Boalsert fynt it spitich: “We stonden te springen om open te gaan, maar het is niet anders.” As alles yn de kommende moannen neffens plan giet dan is de iepening fan it trampolinepark yn july.
Jump XL Hearrenfean is it earste trampolinepark fan Fryslân. It park wurdt 1000 fjouwerkante meter grut, mei 38 trampolines en komt op de Griend (neist it Thialf stadion) te stean.