Bewenners Skilkampen besykje it wurk ûnmooglik te meitsjen

10 mrt 2017 - 12:46

Bewenners fan de Skilkampen yn Ljouwert besykje mei man en macht it begjin fan it wurk oan de trochstek ûnmooglik te meitsjen. Mei peallen wolle se it boatsje mei de wurklju keare. Dy wolle dêr de tariedingen dwaan foar it graafwurk. De gemeente Ljouwert wol troch it gebiet in trochstek meitsje foar de rekreaasjefeart. Omwenners bin benaud dat it de deastek is foar in seefûgelkoloanje. By de rjochter is fersocht it wurk op te kearen, mar dy stelde de gemeente yn it gelyk. Dy wol no sa gau as mooglik begjinne mei de wurksumheden.

Neffens projektlieder Taeke Oppewal wurdt goed rekken hâlden mei de seefûgels. Sa rint der alle dagen in ekolooch mei om te sjen oft der sprake is fan fersteuring fan de koloanje. Om it wurk op te kearen hawwe de bewenners de provinsje ynskeakele om te sjen oft de gemeente him hâldt oan de natuerwetjouwing en oft der in ûntheffing ôfjûn wurde moat.

Op koarte termyn komt in ekspert fan de provinsje sjen wat de stân fan saken is. De omwenners binne yn heger berop gean tsjin de útspraak fan de rjochter. 

(advertinsje)
(advertinsje)