Boargemaster Crone ropt Ljouwerter jeugd op te stimmen

10 mrt 2017 - 11:43
Stimme - Foto: Omrop Fryslân

Mear as 1.200 jongerein út Ljouwert hawwe fan boargemaster Ferd Crone in brief krigen wêryn't se oproppen wurde om nije wike te stimmen. It giet om jongeren dy't foar it earst stimme meie, en Crone ropt se op om fan dit "bysûndere en belangrike foarrjocht" gebrûk te meitsjen. Yn de brief wurdt fierder útlis jûn oer hoe't de stimmerij yn syn wurk giet en dat der út 24 partijen keazen wurde kin.

Ek wiist Crone op it inisjatyf fan Tim Hofman, dy't mei De Stembus 2017 ek jongeren opropt om oan de ferkiezings mei te dwaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)