Nije metoade moat feiligens op fytspaden ferbetterje

10 mrt 2017 - 11:10
Foto: Omrop Fryslân, Joline Dalstra

De ANWB brûkt tenei in nije metoade om de feiligens fan fytspaden te ferbetterjen. CycleRAP jout ynformaasje oer diken en fytspaden mei in grutter risiko op in ûngelok. Dat wurdt oanjûn mei skoares fan ien oant fiif stjerren. Oan de hân dêrfan kinne gemeenten en provinsjes in dyk of fytspaad feiliger meitsje, seit de ANWB.

It kommende healjier wurdt goed 1.100 kilometer oan fytspaden en diken foarsjoen fan dizze stjerren. Dat bart as earste yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân. Troch foto's fan de situaasje te analysearjen, kin bepaald wurde wêr't gefaarlike punten binne en oft der gefaarlike obstakels binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)