Van der Molen: "Frysk folksliet op Fryske skoallen"

10 mrt 2017 - 11:02

Learlingen yn Fryslân soene it Fryske folksliet sjonge moatte. Dat sei Harry van der Molen fan it CDA freedtemoarn op it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn antwurd op in fraach fan learling Fokke van der Maten.

"Wat uw lijsttrekker Buma in Nederland wil, wilt u dat ook in onze provincie?", frege Van der Maten. Buma sei okkerdeis dat hy wol dat bern op skoallen it Nederlânsk folksliet sjonge. Van der Molen soe dat ek tige moai fine. "It folksliet is eat dat ús ferbynt. Ek yn Fryslân."

(Advertinsje)
(Advertinsje)