Ynternetsteuring Súdwest-Fryslân is wer foarby

10 mrt 2017 - 10:38
Foto: Omrop Fryslân

De ynternetsteuring by de gemeente Súdwest-Fryslân is wer foarby. Fan woansdeitejûn sân oere oant tongersdeitemoarn healwei njoggenen koenen gjin digitale oanfragen behannele wurde. De gemeente hie dêrom besletten de oanfraachformulieren fan de webside te heljen.

Ynwenners of partikulieren dy't yn dy perioade toch gebrûk makke hawwe fan digitale formulieren moatte kontakt opnimme mei de gemeente. Troch de steuring binne de gegevens net ferwurke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)