Kollum: "Keuzestress"

10 mrt 2017 - 08:33

"Ferline wike sei ik dat ik it hjoed oer de SRV-man ha soe. Mar ik moat jo teloarstelle. Want ik ha noch mar ien kâns om it oer de Twadde Keamerferkiezingen te hawwen en boppedat sit ik yn in ferkiezingskrisis. 15 maart fleant sa hurd de hoeke om, net te leauwen. Dus de SRV-man kin wol efkes wachtsje.

Marreh, witte jim it al? Ik noch net. Ik sweef. Ik sweef as in glinsterjende sjippebûl yn de loft. Wa prikt de bel lek? Wa set my mei de fuotten op de grûn?

De listlûkers yn de telefyzjedebatten miskien? Mwoah, nee. Ik lit my by dat soart debatten te protte liede troch de bûtenkant. De freonlike eagen fan de ien of de relaxte útstrieling fan de oar. Mar freonlike eagen binne gjin garânsje foar it beste beslút oer de soarch. In relaxte útstrieling seit net alles oer ideeën oer ús ûnderwiis of it klimaat. Dêr moat ik it dus net fan ha.

Fan de kampanjes wurd ik ek net echt waarm. De fonken wolle der mar net fanôf fleane. It is sa as de Volkskrant skreau: de kampanje giet te folle oer de kampanje. Oer de peilingen. En oer wa wol of net by de debatten sitte en wa't it straks dwaan wol mei wa.

Om it ferkiezingsflamke by mysels wat op te poken fersoarge ik in listlûker mei de Kamergotchi-app fan it programma Zondag met Lubach. Ik hie Kees van der Staaij. Net tsjin ien sizze hear, mar ik ha Kees per ûngelok passyf ferstjerre litten. Sorry Kees. Wer in yllúzje minder. Wat no.

Op syk nei gemaksuchtige ferljochting foar myn keuzestress klikte ik doe mar op de Stemwijzer. Deryn kinne je allinnich ja of nee beäntwurdzje. Kaam ik op Artikel1 út. Okee.

Dan de Kieswijzer. Sit dochs wat better yn elkoar as je it my freegje, wat minder swart wyt, en mear nuânses. Kaam ik op 50Plus út. Ja, ho es efkes.

Dan mar nei de stimwizer, spesjaal foar ZZP'ers. Kaam ik by de SGP út. Wol bliksiekater. De Groene Stemwijzer dan: kaam ik it tichtste by Denk út. No bruts myn klomp.

Stemhulpkes, leuk en aardich, mar it is te hap snap. Te swart wyt. It is as in fette hap, wol lekker, mar der knaget dochs wat. It is net genôch.

Fan ellinde die ik foar de ferdivedaasje de Speldwijzer, de stimwizer fan de satiryske site De Speld. Mei stellingen as: de democratie moet gered worden door een dictator. Resultaat: 'U bent er nog niet helemaal uit.'

Sels de satire kin my net helpe. Ik bin hopeleas ferlern. Der sit dus mar ien ding op.

Alderwetsk húswurk meitsje, mei de partijprogramma's yn de hân. Earst betinke wat foar my belangryk is, en foar it lân. Stekwurden opskriuwe. In top trije meitsje fan de partijen dy't my it measte oansprekke. De partijprogramma's lêze. De programma's mei myn stekwurden fergelykje. Hartsjes tekenje, eltse kear as partij en stekwurden oerienkomme. De hartsjes optelle. Stimme op de partij mei de measte hartsjes.

Minsken, stim woansdei mei it hert mar ek seker mei de holle. As hert en holle yn balâns binne, krijst de beste resultaten." 

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tydskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûnderet. Se is te folgjen op Twitter.

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)