Accell Group mikt op flinke groei

10 mrt 2017 - 08:25
Accell Group - Foto: Omrop Fryslân

Fytseprodusint Accell Group op It Hearrenfean mikt mei de fierdere opkomst fan elektryske fytsen de kommende jierren op in fikse groei fan de omset. It memmebedriuw fan merken lykas Sparta, Batavus en Koga wol syn posysje as leveransier oan fakhannels en webshops útbouwe.

Accell stelt freed dat de omset yn de kommende fiif jier groeie moat nei oardel miljard euro. It ôfrûne jier gie it bedriuw foar it earst oer de grins fan it miljard hinne. Om de groei te berikken, rjochtet Accell him benammen op djoerdere modellen.

Mear winst

Net allinnich de omset moat omheech, der moat ek mear winst makke wurde. Accell wol oer fiif jier in brutowinstmarzje berikke fan 8 persint. Dy marzje bleau ferline jier stabyl op goed 6 persint. De nettowinst wie mei 32 miljoen euro yn 2016 like heech as it jier derfoar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)