Auto mist rotonde en botst op beam yn Drachten

10 mrt 2017 - 06:36
Op de Oerterpvallaat yn Drachten is in auto tsjin in beam botst - Foto: Srfotografie

Op de Oerterpvallaat yn Drachten is tongersdeitenacht in auto tsjin in beam botst. De bestjoerder hie in rotonde mist en botste frontaal op de beam. De brânwacht kaam derby om de ynsittende út de auto te heljen, mar dy wie der sels al útkommen. Personiel fan in ambulânse gie nei it plak fan it ûngelok om de bestjoerder te kontrolearjen.

De plysje ûndersiket noch wat de tadracht fan it ûngelok is. In berger hat de auto fuortsleept.

Trefwurden: 
auto-ûngelok Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)