Brân yn opslachromte Ljouwert, fjoer mooglik oanstutsen

10 mrt 2017 - 06:18

In útslaande brân hat tongersdeitenacht grutte skea oanrjochtte oan de Easterske supermerk Ali en Sineesk restaurant Jasmine Garden oan de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert. It fjoer ûntstie tsjin twa oere yn in garaazje tusken beide gebouwen. 

De brânwacht wist foar te kommen dat it fjoer oersloech. De supermerk en it restaurant hawwe wol grutte reek- en wetterskea oprûn. Tsien bewenners fan fjouwer huzen yn de buert waarden evakuearre. Der rekke net ien ferwûne. 

Brânstichting

De brânwacht hat hast trije oeren oan it blussen west. It is noch net dúdlik hoe't de brân ûntstien is. Neffens de plysje is der mooglik sprake fan brânstichting.

Tsjûgen melde dat sy twa minsken sjoen hawwe dy't by de supermerk fuortdraafden. Passanten dy't koart foar de brân mooglik wat fertochts sjoen ha by de supermerk, wurde oproppen har te melden by de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)