Pleatsing akwadukt yn N31 by Harns wike útsteld

09 mrt 2017 - 21:42
Oanlis fan it nije akwadukt yn de N31 by Harns - Foto: www.n31harlingen.nl

It sinke litten fan it akwadukt yn de N31 by Harns is mei in wike útsteld nei 31 maart. Dy wike ekstra tiid is nedich om de lêste puntsjes op de i te setten. Yn de planning siet noch in reservewykein en dat wurdt no brûkt. It akwadukt wurdt dan nei it definitive plak fearn. It publyk kin it fan tichteby besjen as se meifarre op de rûnfeartboat, dy't as spesjaal spottersplak brûkt wurdt.

Trefwurden: 
akwadukt Harns N31
(Advertinsje)
(Advertinsje)