Underdak fûn foar ien bewenster sloopwenten It Hearrenfean

09 mrt 2017 - 21:26
De wenten dêr't de húshâlding tydlik yn wenje, wurde no sloopt - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Ferhierder Carex hat in nije wenning fûn foar de bewenster fan ien fan de huzen op It Hearrenfean dy’t sloopt wurde moatte. Ek foar de oare bewenners hopet Carex foar 29 maart in nije tydlike wenning te hawwen. Slagget dat net dan driigje mear as fyftjin húshâldingen op It Hearrenfean ein dizze moanne op strjitte te kommen. De huzen stean al langer op de nominaasje om sloopt te wurden. De bewenners wisten dat, mar guon hawwe net op 'e tiid in nije hierwente fûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)