Noorderlicht krijt 150.000 euro fan Mondriaanfûns

09 mrt 2017 - 21:04
Foto: Gerhard Mantz / Simulacrum

De finansjele posysje fan de fotomanifestaasje Noorderlicht is wer in stik wisser wurden. De manifestaasje krijt ek foar 2018 in bydrage fan oardel ton fan it Mondriaanfûns. Mei yngong fan 1 jannewaris fan dit jier is de strukturele bydrage fan it Ryk fan 200.000 euro ferfallen. Mei it jild fan it Mondriaanfûns is in goede basis lein foar de takomst. De organisaasje is drok dwaande mei de tarieding fan twa tentoanstellingen, wêrfan ien yn it Fries Museum, en mei it festival Kunst en Wetenschap.

(Advertinsje)
(Advertinsje)