Fakbûnen ûngerest oer situaasje by Caparis

09 mrt 2017 - 20:53

De fakbûnen meitsje harren grutte soargen oer de situaasje by Caparis, no't fjouwer fan de acht dielnimmende gemeenten de grienmeiwurkers yn eigen tsjinst nimme wolle. Meiwurkers wurde neffens fakbûn FNV twongen sels ûntslach te nimmen by Caparis, om in fêst tsjinstferbân by de gemeente krije te kinnen. Dêrmei ferspylje se it rjocht op in saneamde transysjefergoeding. It giet om de gemeenten Ljouwert, Achtkarspelen en East- en Weststellingwerf.

Neffens it fakbûn sykje de gemeenten allinnich dy wurknimmers fan Caparis út dêr't se genôch mei fertsjinje kinne. De groep dy't oerbliuwt by Caparis is net goed yn steat om genôch te fertsjinjen en dêrmei rint it bedriuw gefaar.

Skamte foarby

De FNV fynt dat de gemeenten dêrmei de skamte foarby binne. As se echt it bêste foar hawwe soene mei harren ynwenners en wurknimmers, dan biede se alle Caparis-meiwurkers in baan oan en net allinnich de groep dy't goed jild fertsjinje kin foar de gemeente. Boppedat freget it fakbûn him ôf wat de gemeenten dogge as de wurknimmers net mear wurkje kinne. Caparis is op soks taret, de gemeenten net.

Aksjetrajekt

De kommende tiid wurde der ledebyienkomsten organisearre en in aksjetrajekt yn gong setten. It FNV wol alle wurknimmers advisearje net yn te gean op foarstellen om harren kontrakt mei Caparis op te sizzen of nije kontrakten te tekenjen by de fjouwer gemeenten.

Trefwurden: 
fakbûnen Caparis
(advertinsje)
(advertinsje)