Militêr út It Fean ûnderskieden foar 36 jier trouwe tsjinst

09 mrt 2017 - 20:14

In groep fan sa'n 20 militêren is tongersdei op it gemeenteplein fan It Hearrenfean beëdige. It gie om soldaten fan it 44e pantserynfantery-bataljon rezjimint Johan Willem Friso. Dat barde yn in spesjale seremoanje.

Twa militêren krigen in spesjale ûnderskieding. Ien dêrfan is de Feanster Gerard Bollen. Hy krige in gouden medalje foar syn 36 tsjinstjierren. Dy waard him opspjelde yn oanwêzichheid fan boargemaster Van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)