Fideoflogs foar jongeren oer ferbining yn maatskippij

09 mrt 2017 - 18:37

Sykje nei wat minsken mei-inoar ferbynt, yn stee fan wat se ferdielt. Dat is de missy fan Mohammed Zoundri fan Harns en Guydolf Dijkstra fan de stichting VerbindMij. Sy organisearje takom wike yn Ljouwert in byienkomst foar jongeren oer de groeiende tsjinstellingen yn de maatskippij.

Oanlieding foar de jûn binne de ferkiezingskampanjes. Want dêryn wurdt de fokus lein op de ferskillen, yn stee fan de oerienkomsten tusken ferskillende befolkingsgroepen. En dat moat oars, fine de inisjatyfnimmers.

Sy wolle jongeren berikke mei fideoflogs dy't tongersdei opnommen binne. Under oaren Cambuurspiler Tissoudali docht mei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)