Lucas Bijker grut fraachteken by SC Hearrenfean

It is noch ûnwis oft Lucas Bijker ynsetber is yn de wedstriid tsjin Excelsior. De ferdigener foel ferline wike yn de thúswedstriid tsjin Go Ahead Eagles út mei in ljiskblessuere en hat de folsleine wike net op it fjild traind. Freed sil Bijker in lêste test ûndergean om te sjen oft hy fit genôch is.
Syn mooglike ferfanger is Younes Namli. De Deen is fan orizjine in oanfallende middenfjilder, mar hat tsjin FC Twente ek alris linksback stien as ferfanger fan Lucas Bijker.
Fierder sil Jurgen Streppel yn fergeliking mei de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles gjin feroaringen tapasse.