Soad huzen yn Tytsjerksteradiel net geskikt foar âlderen

09 mrt 2017 - 17:07
Kuierstôk (argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân

Mear as de helte fan de huzen yn Tytsjerksteradiel is net geskikt foar bewenning troch âlderen. Ek binne de huzen net maklik foar har oan te passen. Dat docht bliken út in enkête dy't troch de gemeente hâlden is. Hast in kwart fan de ynwenners fan dy gemeente hat oan de enkête meidien.

Ut de antwurden docht ek bliken dat der de kommende jierren noch ferlet is fan nije huzen, mar dat dat ferlet op termyn ôfnimt. De gemeente brûkt de útkomsten fan de enkête foar it meitsjen fan nij wenningbelied.

(Advertinsje)
(Advertinsje)