Disel stellen út frachtweinen op parkearplak De Vonken

09 mrt 2017 - 16:55

Ofrûne wike is der twa kear disel stellen út frachtweinen dy't op parkearplak De Vonken oan de A7 by Terwispel stiene. De earste kear wie yn de nacht fan 1 maart tusken 12 en 7 oere en de ôfrûne nacht wie it wer safier. De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe harren te melden. Dat kin fia 0900-8844.

(advertinsje)
(advertinsje)