Earste ljipaai fan it jier fûn, mar net yn Fryslân

09 mrt 2017 - 15:53

Yn de Utrechtske gemeente Ronde Venen is it earste ljipaai fan dit jier fûn. It aai lei yn in stik maislân en waard fûn troch frijwilliger Flip ter Heide fan natuerorganisaasje LandschappenNL. It aai is yntusken kontrolearre en der is fêststeld dat it in farsk aai is. It aai waard fûn om tolve oere hinne. Ferline jier waard it earste aai fan Nederlân ek fûn op 9 maart, doe yn Sint-Oedenrode yn Noard-Brabân.

Undersyksburo Altenburg en Wymenga út Feanwâlden berekkene earder dat der op 9 maart in earste ljipaai yn Fryslân lein wurde soe. Dat hie dan moarns tusken alven en tolven west. Oft dat ek it gefal is, is net bekend. Der is yn alle gefallen nimmen dy't it fûn hat.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma gie mei neisoarger Wiebe Palstra it fjild yn, op syk nei it earste aai fan Fryslân. "It lân is hartstikke wiet, mar de nêsten binne moai. De spanning is om te snijen", sei Palstra. En dan kin de wittenskip de komst fan it earste ljipaai wol foarsizze, mar dêr hat hy gjin boadskip oan: "De natuer is de baas!" 

(Advertinsje)
(Advertinsje)