Vermilion moat ophâlde mei gaswinning by Langsweagen

09 mrt 2017 - 15:35

Vermilion moat ophâlde mei de gaswinning by Langsweagen. Dat skriuwt it Staastoezicht op de Mijnen. It giet om de winning út de tredde put, dêr't ein novimber mei begûn is. Dêr wie gjin goedkard winningsplan foar en oan dy oertrêding moat in ein komme, seit it Toezicht. As Vermilion dat net gau genôch docht, moat it in twangsom betelje fan maksimaal tsien miljoen euro.

(advertinsje)