"Grutte soargen by bewenners oer sinnepark Wurdum"

09 mrt 2017 - 14:24
Foto: Omrop Fryslân

De Ljouwerter PvdA-riedsfraksje hat skriftlike fragen steld oer it grutte sinnepark dat der komme moat by Wurdum. Neffens de fraksje binne der ûnder de bewenners grutte soargen oer it park. It soe dan gean om sawol de grutte omfang - 41 hektare - as om de lokaasje. De PvdA wol witte oft it kolleezje al kontakten mei it doarp hân hat oer de plannen.

Ek wol de PvdA witte hoe't de gemeente oansjocht tsjin de lokaasje en de omfang fan it sinnepark.

Trefwurden: 
sinnepark Wurdum PvdA
(Advertinsje)
(Advertinsje)