Meast fertutearze tsjerke fan Fryslân wurdt ferboud

09 mrt 2017 - 13:32

De Stichting Alde Fryske Tsjerken hopet yn desimber fan dit jier los te gean mei de renovaasje fan de tsjerke yn Dedzjum. It is ek hurd nedich, om't it de meast fertutearze tsjerke is yn Fryslân. Der sitte in soad skuorren yn it gebou en boppedat is it net mear feilich om de tsjerketoer yn te gean. Der sitte in soad stiennen los, dêr't sa no en dan ien útfalt.

Mei de ferbou wurdt ek foldien oan de winsk fan de ynwenners fan Dedzjum. Dy wolle fan de tsjerke in soarte fan doarpshûs meitsje, dêr't aktiviteiten holden wurde kinne.

Der moat noch wol jild ynsammele wurde, want de folsleine renovaasje kostet 800.000 euro. Dêrfan moat noch in ton oant oardel ton ophelle wurde. In part fan it jild komt fan in anonime skinking oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken, ein novimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)