Cambuur yn fertroude opstelling tsjin FC Den Bosch

Cambuur falt yn de thúswedstriid freed tsjin FC Den Bosch werom op de fertroude basisopstelling. Dat betsjut dat Sander van de Streek, Omar el Baad en Jergé Hoefdraad wer yn de basis begjinne. Trainer Sipke Hulshoff hat rom kar út spilers; hast de folsleine seleksje is fit. Allinnich Danny Bakker, Ricardo Kip en Tyrone Conraad binne noch net fit. Cambuur-FC Den Bosch is in wedstriid mei in ferhaal. Op 14 oktober 2016 ferlearen de Ljouwerters mei 3-1 fan Den Bosch en dat wie de ynlieding ta it ûntslach fan trainer Rob Maas.
Opstelling Cambuur: Zeinstra; Peersman, Schilder, El Baad, Van Deelen; Monteiro, Bakker, Van de Streek; Tissoudali, Barto, Hoefdraad.