Priveekolleksje Mata Hari feild yn Amsterdam

09 mrt 2017 - 13:08

In priveekolleksje fan 80 objekten fan en oer Mata Hari wurdt ein dizze moanne feild by feilinggebou De Zwaan yn Amsterdam. It giet om brieven, foto's en foarwerpen fan de Ljouwerter Margaretha Zelle, dy't bekend waard as de eksoatyske dûnseres Mata Hari. De kolleksje is ôfkomstich fan ien fan de neikommelingen fan har echtgenoat.

It is dit jier presys hûndert jier lyn dat Mata Hari deasketten waard op fertinking fan spionaazje foar de Dútsers yn de Earste Wrâldoarloch.

Brieven en hierlokjes

Tresoar krijt in grut oantal brieven dy't Mata Hari krigen hat fan har man Rudolph MacLeod. Se hawwe de skinking te tankjen oan de de pakesizzer fan Rudolph, dy't de brieven oan feilinghûs De Zwaan jûn hat. Tresoar krijt ek hierlokjes fan it soantsje fan Mata Hari en Rudolph. It soantsje is mar trije jier wurden.

De rest fan wat by it feilinghûs ynbrocht is, wurdt op 27 maart feild. Dêrby sitte ûnder oare in babyboek en in brosj foar har dochter Non, dy't Mata Hari foar har dea oan in soldaat jûn hat. Tresoar wit noch net oft se op de feiling noch meibiede sille op de oare stikken. Se hawwe sels gjin jild om dat te dwaan, dat sille se dan fia stichtingen byelkoar krije moatte.

Ferline jier yn april is ek in soad guod fan de Ljouwerter dûnseres en spionne Mata Hari yn Amsterdam feild, dat brocht doe 17.000 euro op. Doe kamen ûnder oare sieraden, in pendule, in moarmeren byld en in berneservyske ûnder de hammer. It guod kaam út in partikuliere kolleksje.

Trefwurden: 
Mata Hari
(Advertinsje)
(Advertinsje)