FNV fiert aksje foar AOW-leeftiid boufakkers

09 mrt 2017 - 12:42

Bouplakken yn Snits en Ljouwert krije tongersdei besite fan FNV-meiwurkers. It fakbûn wol ekstra omtinken freegje foar it hurde wurk fan boufakkers. Dêrom wurde troch it hiele lân hûnderten bouplakken besocht. Se geane rûn mei in petysje en wolle by de boufakkers hantekeningen ophelje. It bûn wol dêrmei berikke dat de AOW-leeftiid omleech giet foar minsken dy't swier wurk dogge.

It FNV krijt in soad reaksjes binnen fan boufakkers, dy't fine dat de AOW-leeftiid foar harren omleech moat. "Ze willen bijna allemaal wel meerdere keren tekenen", sa seit Sabine de Vriend fan it fakbûn.

De hantekeningen wurde rûn de formaasje fan in nije regearing oanbean oan kandidaat Keamerleden.

Trefwurden: 
FNV bou AOW
(advertinsje)
(advertinsje)