Gemeente Opsterlân hat soargen oer Caparis

09 mrt 2017 - 11:59

De gemeente Opsterlân makket him soargen oer de sitewaasje by sosjale wurkfoarsjenning Caparis. Fjouwer oare gemeenten - Ljouwert, East- en Weststellingwerf en Achtkarspelen - ha besletten dat se in oantal Caparis-meiwurkers sels yn tsjinst nimme. It giet om minsken dy't yn it grienûnderhâld wurkje.

It beslút soarget neffens Opsterlân foar ûndúdlikens en ûnrêst. De gemeente wol dan ek sa gau mooglik mei de oansletten rieden om tafel om te praten oer de sitewaasje dy't no ûntstien is.

Trefwurden: 
Caparis Opsterlân
(Advertinsje)
(Advertinsje)