Fytser skept troch auto yn Drachten
In fytser is tongersdeitemoarn ferwûne rekke op de Berglaan yn Drachten. Op de rotonde dêr waard er oanriden troch in auto. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. It is noch net dúdlik hoe't er der oan ta is.
Omdat de plysje de Berglaan ôfsletten hie, ûntstie der in file by de rotonde.