Mei in firtuele toer troch Stania State

09 mrt 2017 - 11:33
Staniastate - Foto: Omrop Fryslân

Stania State yn Oentsjerk hat yn gearwurking mei Steatsboskbehear in firtuele toer makke. Minsken kinne troch 360-graden foto's klikke en sa om har hinne sjen, wêrtroch't it liket as stean se yn it park sels.

Fia de mobile telefoan krije minsken net allinnich bylden fan Stania State, mar ek allegear ynformaasje oer it bûten. Ek is der ynformaasje oer de natuer ynteraktyf ferwurke yn de firtuele toer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)