Aldste huzekeapers fan Nederlân wenje op Flylân

De fjoertoer fan Flylân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Huzekeapers op Flylân wienen, lanlik sjoen, ferline jier it âldst. In huzekeaper wie op it eilân gemiddeld goed 52 jier. Dat hat it Centraal Bureau voor de Statistiek berekkene. Flylân wie dêrmei de iennichste gemeente dêr't huzekeapers gemiddeld boppe de 50 jier wienen.
Ek op It Amelân en Skier rinne huzekeapers al aardich rjochting de 50, op Skylge binne se mei noch gjin 40 jier krekt flink jonger. Lanlik sjoen wienen keapers fan in hûs op Urk mei gemiddeld hast 34 jier it jongst.