Friso-Koopmans dielt mei yn winst ynternasjonale priis

09 mrt 2017 - 10:52

Boukombinaasje Friso-Koopmans dielt mei yn de winst fan in ynternasjonale priis wûn. It giet om de BREEAM Award. BREEAM stiet foar in bou-metoade dy't betocht is om sa duorsum mooglik te bouwen en dy't bedoeld is om in sûne wurkomjouwing te stimulearjen.

Friso-Koopmans hat mei oare belutsen partijen, sa as de Ryksuniversiteit en de Hanzehegeskoalle yn Grins, de priis neffens de sjuery fertsjinne mei de bou fan de Energy Academy Europe yn Grins. Dat gebou is ûnderdiel fan de Ryksuniversiteit.

Yn it gebou wurdt sa min mooglik enerzjy ferbrûkt, bygelyks troch gebrûk te meitsjen fan enerzjyboarnen sinne en wetter.

Trefwurden: 
Friso-Koopmans priis
(advertinsje)