Ljouwerter yn hûs bedrige nei mislearre babbeltrúk

© ANP
In 40-jierrige frou út Ljouwert is oanhâlden yn ferbân mei it dwaan fan babbeltrúks. De fertochte waard foarige wike nei in babbeltrúk binnen litten yn in hûs oan de Dennestrjitte. De berôving waard lykwols fersteurd trochdat in kunde op besite kaam by de bewenner fan it hûs. Dêrop bedrige de fertochte de bewenner en de kunde mei in mes.
Nei ûndersyk fan de plysje koe de frou letter oppakt wurde. Ek in 52-jierrige fertochte waard oanhâlden foar syn belutsenheid. Beide hawwe faker op dizze wize minsken thús berôve.
De Ljouwerter plysje warskôget minsken gjin frjemden it hûs yn te litten.