Friezen ûnderweis nei Expeditie Robinson
Nei acht jier kinne ‘UN’ers’, oftewol Unbekende Nederlanners, wer meidwaan oan it populêre Expeditie Robinson. Mei in tal BN’ers dogge sy mei oan de spulshow op in ûnbewenne eilân. Mar om mei te dwaan as UN’er, moast wol it ien en oar dwaan. Yn de top 50 foar kânshawwers op in dielname oan it programma stean ek fjouwer Friezen. Wy sprutsen mei twa fan harren.
Pieter 'Sahieter' Ypma is 21 jier en komt út Wurdum. Hy docht de oplieding Bank- en Verzekeringswezen yn Ljouwert en wurket by in taksaasjebedriuw. Ek docht hy graach DJ-wurk yn syn frije tiid. Hy stiet op dit stuit 35ste op de stimlist.
Wêrom wolst meidwaan oan Expeditie Robinson?
“Ik seach it lânskommen! De aksje yn it programma liket my moai én it is natuerlik in prachtich eilân! Ik hâld derfan lekker primityf te libjen, inoar wat útspylje, gearwurkje mar fansels ek winne! Datst op telefyzje komst dat fyn ik ek wol leuk, dus kombinearje we dat wat.
Eins wie it ek om te sjen hoefolle minsken der achter dy stean en hoefolle minsken kinne der achter dy stean? Ik fyn it hiel bysûnder om te sjen dat myn Facebookpost al 500 kear dield is. Ek fyn ik it hiel bysûnder om te sjen hoe't minsken foar my yn it spier gean.”
Do hast op it stuit 2.697 stimmen, hoe komsto oan safolle stimmen?
“Dat frege ik mysels ek ôf doe't ik de peilingen seach. Ik kin in soad minsken. Ik tink dat minsken my it ek wol gunne en as se my kenne, dan witte se dat ik ympulsyf bin en dat liket se wol leuk om op telefyzje te sjen. Ast in bekende op tv sjochst, dan is dat altyd leuk. Oft minsken dat sjen wolle, dan krije se dat ek te sjen!”
Do stiest no 35e, wat silst noch dwaan om heger te kommen?
"Ik bin seker noch dwaande. Ik bin op skoalle dwaande om dêr op de beamer te kommen en ik meitsje noch gebrûk fan myn netwurk om mysels te presintearjen. Ik wol net nederich minsken freegje om op my te stimmen. Minsken moatte it sels wolle, om my op telefyzje te sjen. As se my kinne of myn Facebook-side besjogge, dan meie se sels witte oft se op my stimme of net.”
Hoe giet it proses no fierder?
"De produsers kieze sels ek noch 50 minsken út, om minsken mei miskien in minder grut netwurk/berik ek in kâns te jaan. Der komme bygelyks ek grutte DJ’s op ôf, mar by harren binne in soad stimmen kwyt skolden, omdat dy automatysk al in soad minsken efter harren stean hawwe."
As iennige frou fan de dielnimmende Friezen, striidt de 20-jierige Lotte Risselada út Dokkum ek mei om in plakje op it eilân. Sy stiet op dit momint op nûmer 40.
Wêrom wolst meidwaan oan Expeditie Robinson?
"Sinds de eerste afleveringen dat ik ernaar keek wilde ik meedoen. Het leek me heel leuk al die proeven te doen en op een eiland te zitten met al die mensen die je niet kent. Ook wil ik meedoen om te zien hoe je lichaam reageert op alles daar. En natuurlijk een beetje complotjes spelen, wanneer je wat verder komt."
Hoe soargest derfoar dat minsken op dy stimme?
“Er is een buurvrouw die heeft mij heeft benaderd. Zij heeft een printstudio en heeft mij met 100 posters en 100 flyers gesponsord. Die hangen overal in Dokkum, Lauwersoog en Holwerd. Ook op mijn oude middelbare school en op het CIOS in Leeuwarden en Heerenveen hangen de posters. Ook op Friese Poort in Leeuwarden wordt mijn poster op tv-schermen getoond. Daarnaast is mijn mentor erg bezig met het krijgen van stemmen. Hij gaat langs de klassen om overal te stemmen te werven. En ik heb op mijn werk natuurlijk flyers staan en vertel het mensen face-to-face.”
Hoe giet it proses no fierder?
"Tot 20 maart kun je stemmen. De uiteindelijk 100 mensen hebben dan, volgens mij in april, een castingweekend. Daaruit worden 4 kandidaten gekozen. 25 maart krijgen de 100 overgebleven kandidaten bericht."
Dochs binne Pieter en Lotte net de iennichste twa Friezen dy't meistride foar in plakje yn Expeditie Robinson. Yn totaal stean fjouwer Friezen yn de top 50. Hjirûnder fynst in oersjoch mei alle kânsmeitsjende Friezen:
* Op nûmer 4 stiet Harm de Vries út Ljouwert.
* Op nûmer 18 stiet Jonah Schippers út Ljouwert.
* Nûmer 36 is Pieter 'Sahieter' Ypma út Wurdum.
* De iennige Friezinne yn it rychje is Lotte Risselade. Sy stiet op nûmer 40.