KNMI warskôget foar tichte mist

09 mrt 2017 - 08:43
Foto: ANP

It KNMI hat koade giel ôfjûn foar tichte mist. It waarynstitút warskôget dat op ferskate plakken yn 'e provinsje it sicht minder as 200 meter wêze kin troch de mist. Weibrûkers wurde oanret om rekken te hâlden mei min sicht op de diken.

Nei ferwachting lûkt de mist tongersdeitemoarn om tsien oere hinne wer fuort.

Trefwurden: 
mist KNMI koade giel
(Advertinsje)
(Advertinsje)