Kollum: "Oosterpark"

09 mrt 2017 - 08:24

"Yn it park oan it ein fan myn strjitte hjir yn Amsterdam, is dit wykein in man delstutsen. Hy hat it net oerlibbe. In freon fan my wennet oan de oare kant fan it park, dus ik fyts der gauris dwers trochhinne. De plysje tocht earst dat it om roof gong. Mar se tinke no dat it ek wolris oars yninoar sitte kin.

“Er is een toename, en niet alleen in het Oosterpark, van incidenten met mensen die ’s avonds in het park komen om te cruisen. Mannen dus, die daar kennelijk worden opgewacht door andere mannen die daar voor iets anders staan dan een plezierig contact.”

Se sitte noch efter de dieders oan. It is in drok park, dus der moatte tsjûgen west wêze. Mar…

“Het rechercheteam houdt er ook rekening mee dat bezoekers van de mannenontmoetingsplaats vrijdagavond wellicht uit angst zijn gevlucht, en ook hun verhaal is buitengewoon relevant voor het onderzoek.”

Dit wie tiisdei te sjen yn Opsporing Verzocht.

It Oosterpark is yn it donker ek in homo-moetingsplak. Teminsten, it binne mannen dy’t inoar dêr moetsje om seks mei inoar te hawwen. Mar oft se harrensels homo neame is mar de fraach.

Kinst yn dizze stêd te kust en te keur, as homo. Der binne kafees en klups, der binne dating-apps dêr’t yn dizze stêd tûzenen minsken op sitte en der binne ek in soad homoferienigingen. Gay swimme, gay rugby, gay yoga en gay koaren… der is hast neat te betinken dat je net dwaan kinne as homo. Gesellich.

Mar dêr komme dizze mannen net. Je kinne morele beswieren hawwe tsjin sokke 'ontmoetingsplaatsen'. Je kinne fine dat it net netsjes is, je ôffreegje oft soks yn it iepenbier moat, op âlderwetske religieuze grûnen der kwea oer sprekke, of it rûnút ôfkarre. Dat bart al iuwen.

Mar dat feroaret allegearre neat oan it feit dat dit fenomeen noch altyd bestiet. Ik spruts in gemeenteriedslid fan Amsterdam hjiroer, dy’t aardich op ‘e hichte is. Hy sei: it binne manlju mei in allochtoane eftergrûn, of se binne troud mei in frou, of beide. Of it binne âldere mannen, dy’t op de dating-apps net goed yn ‘e merk lizze - ja, de wrâld kin hurd wêze.

Of it is in kombinaasje fan dat alles. Iensumens spilet faak in rol, en dan sykje se nei manieren om op anonime wize dan noch wat fysysk kontakt te hawwen.

Dat is allegearre al net echt gesellich. It begruttet my. Mar dan komt der dus noch wat by.

“De politie heeft vijf mannen in Haarlem en Alkmaar aangehouden die er van verdacht worden verschillende homoseksuelen afgeperst te hebben.”

“Zij moesten een aanzienlijk hoog geldbedrag opnemen voor de verdachten, en als zij dat niet deden dan zouden zij hun seksuele escapades wereldkundige gaan maken.”

Om’t dizze mannen it anonym dwaan wolle, binne se kwetsber. Se wurde sjantearre en bedrige. Of it wurdt echt gefaarlik en se wurde berôve, yninoar slein… se doare net nei de plysje te stappen, en soms doare se net iens nei it sikehûs wannear harren wat oerkommen is. Bang dat ûntdutsen wurdt wêr’t se wiene en wat se dien hawwe.

Elk negatyf oardiel kreëarret in swakte. En fan swakten wurdt troch dit soarte fan skoften ûnferbidlik misbrûk makke. Mei yn dit gefal de dea ta gefolch.

Soms fyts ik troch myn stêd en sjoch nei de huzen, kantoaren en parkjes dêr’t ik lâns kom. Oeral binne minsken, mei ferhalen, iensumens en langstmen. Wat him allegearre ôfspilet efter de ruten, wit ik net. Ik hear allinnich de eksessen, as dy al nei bûten komme. Je witte net wat minsken sykje, wat se misse of wat harren pine is. Siket hy wat, of fytst hy nei syn freon oan de oare kant fan it park?

By guon minsken is de pine dat se gjin wei witte nei gay yoga of wat dan ek, mei harren langstmen. Dat der mar ien wei is om harren sels te wêzen, en dat is de anonimiteit. Omdat se bang binne foar it oardiel dat oaren oer harren hawwe. En dat bestiet allegearre noch anno 2017, oan it ein fan myn strjitte, mei as bewiis it libbenleaze lichem fan in 33-jierrige man.

Soms wurd ik even hiel tryst fan dizze tiden dêr’t de ûntwikkelingen saneamd hiel hurd gean."

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)