Advys Keamerkandidaten: 'Kies in Fries!'

08 mrt 2017 - 23:21

Hast unanym advisearren de Fryske keamerkandidaten om woansdei 15 maart in Fryske kandidaat te kiezen by de Twadde Keamerferkiezings. Dat die bliken by it ferkiezingsdebat fan de Ljouwerter krante woansdei yn De Skalm yn Stiens. Der waard libbendich diskusearre oer benammen regionale tema's as krimp, de Fryske taal en kultuer en de ôfstân tusken regio en Rânestêd. Krekt foar de regionale ynfalshoeke binne regionale kandidaten yn Den Haag ûnmisber, sa is de gedachte. Ek om regionale kwestjes op de aginda te krijen.

No snein kruse acht Fryske keamerkandidaten nochris de degens by de Omrop yn in spesjale útstjoering fan Buro de Vries tusken 11 en 13 oere. Foar dizze gelegenheid wurdt it programma net allinnich op de radio mar ek op tv útsjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)