The Passion grutter en mei mear live-sênes

08 mrt 2017 - 22:56

It peaskespektakel The Passion dat op Wite Tongersdei op telefyzje te sjen is, wurdt dit jier noch grutter. Der bart folle mear live as oare jierren.

Om't it ferhaal him op ferskate plakken ôfspilet, wurde guon sênes yn it foar opnaam. Yn it ferline barde dat mei de stikken fan Petrus en Judas. Regisseur David Grifhorst fûn it lykwols in útdaging om dy beide rollen no ek live sjen te litten. "Dat wordt één groot avontuur. Met name als het gaat om het camerawerk", sa seit Grifhorst.

Fereale

Yn de tiid dat Grifhorst aktyf oan it wurk is yn Ljouwert is er fereale rekke op de stêd: "Leeuwarden is echt een te gekke stad om te filmen."

Frysk kleurke

Op it muzikale flak wurdt besjoen oft it mooglik is it ek noch in Frysk kleurke te jaan. Muzykprodusint Eric van Tijn: "Daar ben ik wel mee bezig. Ik weet nog niet precies hoe, maar het zou wel helpen om alle bezoekers helemaal mee te krijgen." Van Tijn is djip ûnder de yndruk fan sjongeres Elske de Wall dy't de rol fan Maria spilet. "Zij hoort bij de absolute top van Nederland. Dat weet nu nog niet iedereen maar na The Passion wel", sa seit Van Tijn.

Opnamen

Elske DeWall sels hat de stikken dy't se sjonge moat, goed yn de fingers. Fan it spektakel sels kriget se by de útfiering net folle mei. Dêrom giet se no geregeld mei, as der opnamen binne.

Eare

Foar Dwight Dissels, Jezus, binne it bysûndere dagen. Hy fyn it in grutte eare om de rol te spyljen: "Jezus speelt een belangrijke rol in mijn leven. Ik wil dan ook kijken of ik dit verhaal goed over kan zetten naar het publiek. Dat het tijdens Pasen niet gaat om de paaseitjes."

It programma wurdt útstjoerd op NPO1. Eardere edysjes hiene in berik fan sa'n 3 miljoen minsken.

Trefwurden: 
The Passion peaske
(Advertinsje)
(Advertinsje)