Test mei nije wetterberging by Donkerbroek

08 mrt 2017 - 19:00

By Donkerbroek wurdt in nije wetterberging test. It is de grutste yn de omjouwing en is oanlein troch Wetterskip Fryslân en de provinsje yn it ramt fan de oanlis fan de nije N381. It wetter út ûnder oare de Kompanjonsfeart komt bytiden mar min fuort en boeren hiene lêst fan de hege wetterstân. Wetterberging 't West is ûngefear 18 bunder grut en de ferwachting is dat it wetterskip it sa'n twa kear yn it jier brûke moat. Der is mear ferlet fan wetterberging trochdat it hieltyd mear reint.

(advertinsje)
(advertinsje)