G32-gemeenten wolle miljoenen foar oanpak kriminaliteit

08 mrt 2017 - 17:30

It ryk moat miljoenen betelje oan gemeenten sadat dy himphannel, fêstguodfraude, wytwaskjen en yntimidaasje better oanpakke kinne. Dat seit boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Hy is de foarsitter fan de G32, in nasjonaal netwurkferbân fan grutte en middelgrutte stêden. Crone wol 150 miljoen euro hawwe fan Den Haag om de kriminaliteit oan te pakken.

Advokaten

Kriminaliteit komt faak boppe de grûn yn bygelyks de hoareka. Troch dêr jild yn te stekken meitsje kriminelen it legaal. By fertinking fan wytwaskpraktiken kinne boargemasters gebouwen slute, mar dan moatte gemeenten de saken wol goed foarinoar hawwe. Dêr binne goede juristen foar nedich en dat dat kostet jild want "slimme boeven kunnen soms de beste advocaten betalen", seit Crone.

(advertinsje)
(advertinsje)