Ophokplicht foar plomfee bliuwt fan krêft

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De ophokplicht foar plomfee bliuwt foarearst fan krêft. It gefaar fan fûgelgryp bliuwt noch altyd heech. Dat seit steatssiktaris Martijn van Dam. Sûnt de krystdagen hat der gjin Nederlânsk plomfeebedriuw besmet west mei it firus. Wol is der dizze wike by twa hobbyboeren yn Noard-Hollân fûgelgryp oantroffen. It H5N8-firus wurdt nei alle gedachten oerbrocht troch wylde wetterfûgels. Yn Nederlân wurde geregeld noch besmette wylde fûgels fûn.
Troch de ophokplicht meie aaien fan hinnen net mear de namme "vrije uitloopeieren" hawwe. Dat is in strop foar boeren omdat de priis fan de aaien dêrtroch leger is.