Selstraf foar Georgiër op stellerij-streuptocht

Justysje © Omrop Fryslân
In 38-jierrige man út Georgië is woansdei feroardiele ta fiif wike finzenisstraf omdat hy fjouwer kear guod út winkels stellen hat op It Hearrenfean. Op 21 febrewaris gie er neffens de rjochter op streuptocht mei in preparearre tas. By in drogist, fotowinkel, fotosaak, itensiederswinkel en de Wereldwinkel naam hy in ferskaat oan guod mei. Deselde deis waard hy troch de plysje oppakt. Hy bekende de stellerij. By de rjochtsaak koe de man net útlizze wêrom't er stellen hie. Hy neamde it sels bernich gedrach.
De Georgiër swalket al tweintich jier troch Europa. Foar't hy yn Nederlân kaam hat er yn fjouwer oare Europeeske lannen asyl oanfrege. Dat krijt hy net omdat Georgië as feilich lân beskôge wurdt. De kâns is dan ek grut dat hy weromstjoerd wurdt nei Georgië as syn straf derop sit. Hy hie ûnder oare in telefoanhoeske stellen, toskpoetsersguod, toskeboarstel en sjampo, skearguod, kearsehâlder, djoere boarden en diggelguod.