Aegonklanten wurdearje Wonda Terpstra it meast

08 mrt 2017 - 16:01

Grutsk en fereard is se, Wonda Terpstra fan Dokkum. Se is útroppen ta de meast klantrjochte Aegonmeiwurker fan de hiele wrâld. Fan alle fêstigingen wienen njoggen meiwurkers nominearre. "By de finale wienen noch trije oer, en ynienen neamden se myn namme. Dêr skrok ik bêst wol fan. Myn hert sloech hiel bot." De nominaasje hie se te tankjen oan de klanten fan Aegon.

"It giet om de wurdearring fan de klanten. Nei ôfrin fan it petear kinne se in enkête ynfolje en mear as santich prosint is tefreden oer de ynformaasje dy't ik jou en seit dat it dúdlik is." Se mei de titel in jier lang drage en hat in bedrach fan 5.000 euro krigen. Dêr wol se fan op fakânsje gean. Se hat in fotoshoot hân en genietet fan de titel, mar "jûn sil ik lekker mei de fuotsjes op de bank. It wie in hiele erfaring."

Trefwurden: 
Wonda Terpstra Aegon
(Advertinsje)
(Advertinsje)