Learlingen organisearje Twadde Keamerferkiezingen op skoalle

Learlingen fan RSG Magister Alvinus yn Snits sitte middenyn de Twadde Keamerferkiezingen. De skoalle is woansdei begûn mei eigen ferkiezingen ûnder skoalbern. Hast 2000 learlingen kinne oant tiisdei 14 maart stimme. Dêrnei wurdt de útslach bekend makke.
It doel is om learlingen mear by de polityk te belûken. De organisaasje fan de ferkiezingen leit by fiif famkes: Imke van der Pas, Floor de Ridder, Myla Dijkstra, Eels Genee en Vera Gengler. Wethâlder Stella van Gent fan de gemeente Súdwest-Fryslân iepene de skoalferkiezingen.